Stoarmskea falt ta
De súdwesterstoarm dy't op it stuit oer Fryslân giet, soarget noch net foar in protte oerlêst. Hjir en dêr is der wol sprake fan skea. Sa wurdt der stoarmskea melden yn Ketlik, Sumar en Boalsert, mar neffens de plysje falt it oer it generaal ta.
Neffens Piet Paulusma is it fannacht oan de kust en op it Waad wynkrêft tsien, dat is swiere stoarm.
