Roma-akkordeonist wer werom
Binnen twa moanne nei syn grutte ôfskiedskonsert is de Roma-akkordeonist dy't altyd foar de supermerk fan Boalsert spile werom yn Nederlân. Mei triennen en melangoalyske akkordeonmuzyk waard ein septimber ôfskied naam fan Todorovich,
Nei 13 jier moast er mei frou en bern werom nei Servië. Sympatisanten sammelen jild yn foar syn nije libben. Hy seit dat er werom is om jild te fertsjinjen foar syn nije hús. Vluchtelingsnwerk is ferbjustere.
