Aksje tsjin hege poppe-stjerte
De ferloskundigen fan Snits, Boalsert, Koudum en Emmeloord hawwe in oerienkomst tekene mei de gynekologen fan it Antonius sikehûs yn Snits. Troch in bettere gearwurking kinne risiko's folle earder sinjalearre wurde. Dat is wichtich, want út ûndersyk docht bliken dat der yn Nederlân mear poppen by of krékt nei de befalling stjerre dan yn oare Europeeske lannen.
It is net de bedoeling dat froulju safolle mooglik yn it sikehús befalle.
