Hawwe in soad Fryske skoallen lêst fan in weromrinnend tal learlingen, by it Marne College yn Boalsert is dat perfoarst net it gefal. Dêr binne de ôfrûne jierren in pear hûndert ekstra bern nei de middelbere skoalle takaam. De skoalle hat dêrtroch romtegebrek. Yn it ferline hat de skoalle sels lesjûn yn it tsjerkegebou It Convent.

De skoalle freget ekstra subsydzje oan de gemeente om de tydlike hier fan it tsjerkegebou en it pleatsen fan trije needlokalen fan te beteljen.