Yn Boalsert is sneon de betinking fan Kneppelfreed feestlik ôfsluten. It is dit jier 60 jier lyn dat der by de rjochtbank yn Ljouwert striden waard om de erkenning fan de Fryske taal yn de rjochtbank. Sechtich dagen lang hat der omtinken west foar dit barren.

Sneontemiddei wie in grutte optocht mei muzyk. Foaroan yn de optocht rûn sterke man Wout Zijlstra mei twa molkebussen mei dêrop 'molke' en 'sûpe' skreaun. Dizze Fryske wurden wiene 60 jier lyn de oarsaak fan alles.